"Ljouwert moat net mear ôffierputsje fan it Ryk wêze"

18 sep 2017 - 20:17

Gemeenten lykas Ljouwert binne it ôffierputsje fan it ryk. Dat moat ophâlde. Dat seit in lilke wethâlder Andries Ekhart moandeitejûn yn It Polytburo. Der kin neffens him net mear yntard wurde op jild foar it sosjaal domein. Dêr falle saken lykas jeugdsoarch en útkearings ûnder. Dêr is yn Ljouwert de lêste jierren al tweintich miljoen fanôf gien. De lêste tsien miljoen gean foarearst net troch, as it oan Ekhart leit. Mei oare grutte gemeenten sil by it nije kabinet lobbyd wurde om mear jild.

Yn novimber binne der ferkiezings, ek yn Ljouwert. Ekhart syn partij, de PvdA, is al santich jier de grutste yn de stêd. Ekhart ferwachtet wol wat ferlies, mar sa dramatysk as by de Twadde Keamerferkiezings yn maart sil it neffens him net wurde. Hy wol as wethâlder noch wol in perioade troch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)