Fytser rydt wetter yn yn Drachten: swierferwûne

Fytser swierferwûne by tewetterrekking yn Drachten © Sicco Riedstra
In fytser is moandeitejûn troch noch ûnbekende oarsaak yn it wetter bedarre oan de Sydwende yn Drachten. Hy rekke dêrtroch swierferwûne. Ferskate helptsjinsten, wêrûnder in traumahelikopter, binne oproppen om de man út it wetter te heljen en help te ferlienen.
Neffens de earste berjochten fan de plysje gie it om in iensidich ûngelok.It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket de oarsaak fan it ûngelok.