Tsiis, fleis, fisk en augurk op planke foar it goede doel

Mei mear as twahûndert hapkes op in presintearplanke fan 2,5 meter. Dy lansearren twa stichtingen yn Ljouwert moandei in nije aksje foar it goede doel. It giet om Akwadaa Aseda, aktyf yn Gana, en Amurang, dy't it Indonesyske Noard-Sûlawezy as wurkgebiet hat. Mei de ferkeap fan houten snij- en presintearplanken mei dêrop in ôfbylding fan de Aldehou hoopje de stichtingen in soad jild binnen te heljen.
Yn restaurant Unia 12 wie de ôftraap dêr't fuortendaliks in wrâldrekôr foar de grutste hapkesplanke optekene waard. It restaurant moast sels meardere tafels oaninoar skowe om de planke op dellizze te kinnen. En der is gjin reden om jo ûngemaklik te fielen by it iten fan in lekker hapke foar't minsken dy't it minder hawwe, seit insjatyfmmer Ritsko van Vliet .
Mear ynformaasje oer de aksje is te finen: amurang.nl/plank