"Anonimiteit skeind, dichtersferkiezings mislearre"

18 sep 2017 - 17:44

De ferkiezing Dichter fan Fryslân is mislearre no't ien fan de trije nominearren harsels bekend makke hat op sosjale media. Dat fynt it dichterskollektyf DichterS fan Fryslân. It publyk kin stimme op gedichten dy't sûnder namme presintearre binne. No't de namme bekend is, is de anonimiteit skeind en "ferwurdt de ferkiezing ta in ordinêre populariteitswedstriid", neffens it kollektyf.

It falt it kollektyf boppedat op dat de trije gedichten dy't de sjuery útkeazen hat, net folle aktualiteitswearde hawwe. Dat is yn striid mei wat Provinsjale Steaten as doel steld hawwe.

DichterS fan Fryslân is in kollektyf fan mear as 25 dichters dy't mei-inoar it provinsjale dichterskip staljaan wolle. Sy wolle dat de provinsje sa gau mooglik oerlis organisearret mei partijen út it fjild. Sa moat der in nije ynfolling komme fan de Dichter fan Fryslân.

Op de site fan Dichter fan Fryslân stiet oer de ferkiezing en de anonimiteit: "Fan elk fan de trije nominearre dichters wurdt ien gedicht (...) anonym publisearre yn troch de sjuery oan te wizen iepenbiere kanalen, foar de doer fan in troch de sjuery fêst te stellen tiidrek. Yn dat tiidrek wurdt it publyk frege om oan te jaan hokker fan de trije gedichten de foarkar hat."

Trefwurden: 
dichters fan Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)