Benefyt yn popsintrum foar behanneling alfleisklierkanker

18 sep 2017 - 16:23

De benefytmanifestaasje yn Neushoorn foar de bestriding fan alfleisklierkanker hat tusken de 7000 en 9000 euro opsmiten. Yn it popsintrum yn Ljouwert is sneon besocht in tragrysk ferlies om te bûgen nei in stap foarút yn de behanneling fan de sykte. Freonen en freondinnen fan Carla Schaap hâlden dêr in benefytkonsert en in keunstfeiling dy't mei helpe moat in bettere behanneling fan alfleisklierkanker mooglik te meitsjen.

Carla Schaap ferstoar earder dit jier oan alfleisklierkanker. Sy wie dosint op de skoalle D'Drive fan it Friesland College yn Neushoorn.

It jild dat ophelle is, giet nei de stifting Support Casper. Professor Casper van Eijck wurket mei in team wittenskippers oan in nije behannelmetoade. Dêrby wurdt it eigen lichem ynset tsjin de kwea-aardige tumor. De wittenskippers wurkje oan de ûntwikkeling fan in nij firus wêryn't se lytse stikjes dna bouwe. Dêrtroch't ferneatiget de tumor himsels, sa is de bedoeling. Dat ûndersyk wurdt net subsidiearre. It earste doel is 3 miljoen en dêrfan is 2,6 miljoen ophelle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)