Sleat fiert feest, mar der binne ek 'ferliezers'

18 sep 2017 - 16:14

In grut part fan Sleat fiert feest om't guon ynwenners moandeitemoarn grutte jildprizen wûn hawwe by de strjitpriis fan de Postcodeloterij. Mei elkoar is twa miljoen útdield. Mar dêr't winners binne, binne ek ferliezers. Minsken sille har miskien wol ferbite om't se gjin lot hiene. De Postcodeloterij keart jild út op basis fan in postkoade. Elk dy't op dy postkoade in lot hat, krijt jild.

Buertbewenners sûnder lot fierden it feestje gewoan mei. "It is gesellich, en ik gun it elkenien, it is fantastysk. Dit is foar hiel Sleat prachtich. Elk kin syn dream wiermeitsje. Ik fyn it net skande, it is myn eigen kar om net mei te dwaan. We ha noait meispile, en dan nimme je dit risiko." In oar seit dat de buert eins ien grutte famylje is en se fynt it dan ek net skande dat se gjin priis wûn hat. "Ik bin gelokkich en ha alles wat myn hertsje begeart. Myn soan hat wol in lot."

Noch wer in oar fynt it wol wat skande dat se gjin lot hat. "We ha jierren lid west, mar ek wer betanke om't in lot eins bêst wol djoer is. It docht wol wat sear, mar it is elk gund, we ha in geweldige buert. It binne gewoane minsken, dy sille net út de hichte dwaan." De bewenners ferwachtsje no wol in goed buertfeest.

Trefwurden: 
sleat Postcodeloterij
(Advertinsje)
(Advertinsje)