Stellerij lead ferdûbele

07 jun 2012 - 15:21

Stellerij fan lead fan dakken is hast ferdûbele. Der binne dit jier al 51 oanjeftes dien by de plysje. Yn deselde perioade ferline jier wienen it noch 27. De ôfrûne wike waard fan ferskate gebouwen yn Dokkum mei-inoar 180 meter lead stellen. De priis fan in kilo lead is op 't heden 95 sint.

Koper wie earder in favorite bút by dieven. Om't bliksemôflieders no hieltyd faker fan goedkeaper aluminium makke wurde, hawwe dieven no mear each foar lead.

Trefwurden: 
stellerij lead
(Advertinsje)
(Advertinsje)