'Kwaliteit musea yn gefaar'

29 okt 2011 - 10:17
Foto: Omrop Fryslân

De kwaliteit fan de Fryske musea sil hurd weromrinne as in besuniging fan 50.000 euro op it budzjet fan Museumfederaasje Fryslân trochgiet. Provinsjale steaten moatte hjir noch oer beslute, mar it plan leit der. As it trochgiet kinne in soad lytse musea it ynternasjonale karmerk 'Geregistreerd Museum' net hâlde, omdat der dan gjin saakkundige begelieding mear is. De federaasje moat dan mear as tweintich oeren yn de wike skrasse en meiwurkers dien jaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)