Deade frou yn Frjentsjer is omkommen troch misdriuw

18 sep 2017 - 14:50

De frou dy't foarige wike dea oantroffen is yn har wente yn Frjentsjer is omkaam troch in misdriuw. Dat hat ûndersyk yntusken oantoand. De plysje siket noch altyd nei de partner fan de frou. De 31-jierrige frou waard fûn neidat der alarm slein wie doe't se de doar fan har wenning net iependie.

Oproppen fia Burgernet om út te sjen nei de 30-jierrige partner fan de frou hawwe oant no ta noch neat opsmiten. Hy soe yn oerspannen tastân ferkeare. Neffens de plysje wurdt der rekken mei hâlden dat er mooglik net mear yn libben is.

(advertinsje)
(advertinsje)