FIDEO: Wat hat Prinsjesdag foar Fryslân yn petto?

19 sep 2017 - 06:00

De tredde tiisdei yn septimber Prinsjesdag is fanâlds it begjin fan it parlemintêre jier foar de Earste en Twadde Keamer yn Den Haag. Neist de rit fan it keningspear yn de glêzen koets troch de Hofstêd en de huodsjeparade fan de Keamerleden sprekt Kening Willem-Alexander yn de Ridderzaal de troanrede út. Dêrnei makket it regear yn de miljoenenota de belangrykste plannen foar it kommende jier bekend. Mar kin dat no wol, no't der noch hieltyd gjin regearing is om't de partijen al sûnt de ferkiezingen oan it formearjen binne?

Ferslachjouwer Onno Falkena is yn Den Haag en docht ferslach. Hy sjocht benammen nei de Fryske aspekten yn de plannen fan it regear lykas de Ofslútdyk. Yn de fideo sjocht er alfêst foarút.

Trefwurden: 
Prinsjesdag Den Haag
(Advertinsje)
(Advertinsje)