​Drûch waar moat fuotbalferiening Blauw Wit '34 rêde

18 sep 2017 - 14:08

De 1.200 fuotballers fan de Ljouwerter fuotbalferiening Blauw Wit '34 moatte op 't heden ien westriidfjild diele. Oarsaak is de fertrage oplevering fan twa keunstgersfjilden. Kommend wykein set de kompetysje útein en de klup is drok oan it puzzeljen om alle wedstriden troch gean te litten. Sa is mei ferskate klups oerlis om thúswedstriden om te setten yn útwedstriden.

Neffens Jan Belles fan de BV Sport giet it echt om oermacht. It tal wurkbere dagen hat foar de oannimmers fierstente lyts west fan 't simmer. As it waar dizze wike fierder opknapt, kin kommend wykein mooglik ien fan de nije keunstgersfjilden bespylber wêze. Ferhalen as soe de oannimmer it wurk yn Ljouwert útsteld ha om't oare gemeenten in boeteklausule hantearje en Ljouwert net, betitelet Belles as in 'broodje aap'.

(advertinsje)
(advertinsje)