Utslaande brân by boerebedriuw yn Nijeholtpea

De brân by in agrarysk bedriuw oan de Vriesburgerwei yn Nijeholtpea is ûnder kontrôle. Dat hat de brânwacht bekend makke. By de brân is wol de âlde skuorre fan it bedriuw ferlern gongen. De nije stâl dêrnei koe troch de ynset fan de brânwacht behâlden bliuwe. Ek it wenhûs is sparre.
Ien fan de oanwêzigen op it hiem fan de pleats hat reek binnen krigen. Personiel fan de ambulânse hat him behannele. De brân ûntstie moandeitemiddei om healwei twaen. Der binne meardere eenheden belutsen by it blussen fan de brân, ûnder oare om te soargjen foar de oanfier fan genôch bluswetter. De brânwacht warskôget omwenners om ruten en doarren ticht te hâlden. Omstanners moatte út de reek bliuwe.