SC Cambuur foarsjocht dreech duel tsjin Helmond Sport

Trainer Marinus Dijkhuizen fan SC Cambuur ferwachtet tiisdei in drege wedstriid. De Ljouwerters spylje dan út tsjin Helmond Sport yn de KNVB-beker. Dy ploech stiet lêste yn de Jupiler League, mar dochs moat Cambuur oan de bak. "Het is een lastige wedstrijd tegen een ploeg die fysiek sterk is. Ze staan lager dan ze horen te staan", sa seit Dijkhuizen.
Hy kin net beskikke oer Xander Houtkoop, Alvin Daniels en Darren Rosheuvel. Houtkoop hat in dikke ankel oprûn tsjin Go Ahead en sil moandei foto's meitsje litte yn it sikehûs. Daniels rekke yn dy wedstriid blessearre oan de hamstring en leit sa'n fjouwer wiken út de rûlaasje. Mathias Schils keart werom fan in skorsing en ferfangt Houtkoop op it middenfjild. Issa Kallon nimt foaryn it plak yn fan Daniels.
Nei de wedstriid tsjin Helmond bliuwt de Cambuurseleksje yn Brabân oernachtsjen. Woansdei traint de ploech dan yn Uden, wêrnei't se middeis werom geane nei Ljouwert. It is in drokke wike foar Cambuur, want freed stiet ek noch de útwedstriid tsjin MVV yn Maastricht op it programma.