Finzenen spylje yn teäterfoarstelling 'Holstmeer'

18 sep 2017 - 13:00

Bewenners fan de PI yn Ljouwert, oftewol finzenis De Marwei, sille meidwaan oan in teäterfoarstelling fan Kulturele Haadstêd. Yn datselde stik spylje ek de froulju dy't wenje by opfangynstelling Fier. De manlju en froulju wurde net mei elkoar konfrontearre. Beide organisaasje sitte oan de Holstmeerweg, dêr't ek it plysjeburo fan Ljouwert sit. Alle trije de lokaasjes binne it dekôr fan de teäterfoarstelling 'Holstmeer' fan De Jonge Republiek.

Brêge

Auke Zeldenrust kaam mei it idee om yn it ramt fan 'Iepen mienskip' ek de mienskip áchter de muorren en de traaljes in rol spylje te litten by Kulturele Haadstêd, en sa in brêge te slaan tusken minsken.

Befrijing

Foar de plysje, de PI en foar Fier is it in mooglikheid om in oare kant fan har minsken sjen te litten. It stik giet oer befrijing, oer minsken dy't net allinnich in ferline hawwe mar ek in takomst. Minsken binne slachtoffer of dieder, se hawwe fan alles meimakke, mar se hawwe allegear ek hopen en dreamen foar de takomst. Dizze ferhalen wurde njonken elkoar lein.

Lokaasjeteäter

'Holstmeer' is lokaasjeteäter. It publyk wurdt mei in bus fan kafee Neushoorn yn de binnenstêd ferfierd nei de Holstmeerweg. It publyk moat by Neushoorn al telefoan, beurs en kaaien ynleverje by de doar. It iene part fan de foarstelling is yn de sportseal fan de finzenis, dêr spilet in groep fan 7 oant 9 detinearren. It oare part fan it stik by opfanglokaasje Fier, dêr't de froulju in ferhaal fertelle. Uteinlik giet it publyk mei syn allen nei it plysjeburo, dêr't twa akteurs in foarstelling spylje en alle ferhalen byelkoar bringe.

Op 10 febrewaris is de premjêre en der sille tsien foarstellings spile wurde. De lêste is op 15 april, de dei dat Ljouwert befrijd waard nei de Twadde Wrâldoarloch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)