"Protest tsjin werynrjochting Markt Dokkum hellet neat út"

18 sep 2017 - 12:52

De gemeente Dongeradiel wol gau yn petear mei de inisjatyfnimmers fan de petysje tsjin de werynrjochting fan De Markt. Dat seit wethâlder Esther Hanemaaijer fan Dongeradiel. De petysje kaam freed online. De gemeente wol hast 3 miljoen euro stekke yn de werynrjochting fan De Markt.

De sinten dêrfoar komme út it budzjet dat útlutsen wie foar de konsintraasje fan sportferienings yn it Hurddraverspark. Dêr is by de sportklups grutte argewaasje oer. Mar de hantekenings dy't no by de gemeente ynlevere binne, helje neat út. It protest is in passeard stasjon, neffens wethâlder Esther Hanemaaijer.

(advertinsje)
(advertinsje)