Undersyk: sporte kompensearret sûkergebrûk by bern

18 sep 2017 - 12:02
Supermerk

In oere sporte deis kompensearret it sûkergebrûk fan basisskoalbern. Dat docht bliken út in ûndersyk fan goed in jier troch studint Voedingsmiddelentechnologie Laurens Coppens fan Van Hall Larenstein yn Ljouwert.

Oan it ûndersyk diene goed hûndert bern mei fan twa basisskoallen yn de stêd. Se binne wiidweidich test op har yt- en beweechgedrach. Benammen sûker út frisdrinken, fruchtesappen en swiete molkedranken soargje foar mear sûker yn it aaiwyt. Dat kin soargje foar in gruttere kâns op diabetes. It effekt wurdt kompensearre troch alle dagen op syn minst in oere te sporten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)