Skylge hâldt jild oer en ynvestearret yn havengebiet

18 sep 2017 - 11:56
Foto: Henk Bootsma

De gemeente Skylge hâldt takom jier goed 170.000 euro oer. Dat docht bliken út de begrutting oer 2018. Ek foar de jierren dêrnei wurdt rekkene op in oerskot. Troch it positive resultaat kin de ôffalstoffeheffing mei 30 euro nei ûnderen en bliuwt de rioelbelesting gelyk. De ûnrepliksaakbelesting giet in bytsje omheech. Datselde jildt foar de toeristebelesting. Dy giet fan 1 euro 60 nei 1 euro 65.

De gemeente Skylge ynvestearret takom jier ûnder oare yn de ûntwikkeling fan it havengebiet, ekstra ûnderhâld fan diken en gebouwen en yn it ferbetterjen fan it âlde part fan it gemeentehûs. Der giet ek ekstra jild nei it learlingeferfier. Op 3 oktober praat de riedskommisje oer de begrutting, op 17 oktober bûget de gemeenteried him deroer.

Trefwurden: 
Skylge begrutting
(Advertinsje)
(Advertinsje)