Mirka Antolović-Tipurić wurdt nije direkteur fan Tûmba

Mirka Antolović-Tipurić is mei yngong fan 1 novimber de nije direkteur fan Tûmba, it Frysk kennissintrum diskriminaasje. Se folget Brenda Ottjes op. De 36-jierrige Antolović wurket al tsien jier by Tûmba as konsulint diskriminaasjesaken. Brenda Ottjes wie 14 jier yn tsjinst by Tûmba, wêrfan sân jier as direkteur.
Sûnt ferline jier krijt Tûmba gjin subsydzje mear fan de provinsje. Neffens de foarsitter fan bestjoer Naima Zoundri is Tûmba finansjeel sûn, mar is der wol in soad wurk te dwaan.