Drachten krijt stroffelstiennen

18 sep 2017 - 11:48

Yn Drachten wurde 20 oktober stroffelstiennen pleatst ta neitins oan Joadske famyljes. Op de betonnen stiennen mei in messing plaatsje komme de nammen te stean en it berteplak, de bertedatum en de dei dat de persoan om it libben brocht is. Sofia Krol hat it inisjatyf foar de stroffelstiennen nommen. Mei Smelne's Erfskip en dosinten en learlingen fan it Drachtster Lyceum wurket se gear. Twa jonges, David en Simon, fan de famylje Turksma ha op it Lyceum sitten foardat se nei Westerbork ôffierd waarden. Yn Sobibor binne se fermoarde.

Learlingen fan it Lyceum ha de stiennen adoptearre. Op de dei fan de ûntbleating binne op skoalle spesjale lessen en workshops fan Amnesty International, it Anne Frankhuis en Herinneringskamp Westerbork. De learlingen meitsje ek filmkes en ynterviews en der binne lessen yn drama, poëzij en skilderjen. It wurk wurdt tentoansteld en kin middeis besjoen wurde op 20 oktober.

(Advertinsje)
(Advertinsje)