Seefeartskoalle Skylge iepenet nije studintekampus

18 sep 2017 - 11:22
Maritym ynstitút Willem Barentsz op Skylge wurdt ferboud

Op Skylge wurdt moandeitemiddei de nije studintekampus fan de seefeartskoalle Willem Barentsz offisjeel iepene. De kampus is bedoeld as ûnderkommen foar de earste- en twaddejiers studinten fan it maritym ynstitút. It is in gearwurking fan wenningstichting De Veste, de gemeente Skylge en de NHL.

De bou fan de kampus hat sawat in jier duorre. Mei-inoar binne der 204 ienpersoanskeamers beskikber. Ek is der in stúdzjeromte, in bar en in fitnessgelegenheid. De âlde kampus, oan de râne fan de Waadsee, wie bot ferâldere. De studinten slepten der ek mei syn twaen op in keamer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)