Sleat krijt 2 miljoen euro fan de Postcodeloterij

18 sep 2017 - 11:18

Yn Sleat is moandeitemoarn de strjitpriis fan de Postcodeloterij fallen. Op postkoade 8556 AR foel ien miljoen euro. It jild wurdt ferdield ûnder de 18 bewenners yn dizze strjitte dy't meidogge oan de priis. Under de 114 dielnimmers yn de rest fan it stedsje wurdt nochris ien miljoen euro ferdield. Yn Sleat wenje likernôch 760 minsken.

Yn it foar sieten de minsken fol spanning te wachtsjen op de buskes en Gaston mei de sjeks. Ien fan de ynwenners tocht dat se miskien in fyts winne soenen. Doe't de buskes deroan kamen, gie in jûchhei op. Gaston frege de ynwenners hoe't er Sleat op syn Frysk útsprekke moast en dielde dêrnei de sjeks út.

Net te befetsjen

Guon krije 40.000 euro, oaren 80.000 en sels ien krijt 120.000 euro. "Ik stean noch te triljen op myn skonken. It is net te befetsjen en net te beskriuwen." Wat sil er mei it jild dwaan? "Fan it simmer moast ik myn hûs skilderje en dêr wie ik noch net oan takaam, mar no kin ik dwaan litte. Fierders krije myn twa dochters ek in part." In frou dy't 40.000 euro krigen hat, koe it net leauwe. "Soks gebeurt my net. Ik seach se riden en doe soenen se dat we thúsbliuwe moasten. Dit kin net better."

(Advertinsje)
(Advertinsje)