Albert de Jong wint Gouden Buur Award Fryslân

18 sep 2017 - 10:11
Albert de Jong

De 73-jierrige Albert de Jong fan Easterwâlde hat de Gouden Buur Award Fryslân wûn. Op de buurtapp Nextdoor kamen hûnderten nominaasjes binnen foar de awards, dy't yn alle provinsjes útrikt wurde.

Albert de Jong hat de leefberens yn Easterwâlde-Súd bot ferbettere, sizze de minsken dy't him nominearre ha. De Jong gie mei de gemeente yn petear en yn de buert binne no boarterstastellen pleatst en diken oanpast. Ek de ôfwettering is ferbettere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)