'Fabryk wurdt baas oer boeren'

29 okt 2011 - 10:41

De posysje van boeren driget útholle te wurden yn it nije Europeeske lânboubelied. As it trochgiet ferlieze boeren de sizzenskip oer it eigen bedriuw en wurdt de suvelyndustry baas. Hjirfoar warskôget Sieta van Keimpema fan de European Milk Board.

Neffens Van Keimpema wol Brussel tefolle ynsette op ekonomyske groei wat de lânbou oanbelanget en wurdt de yndividuele boer hjirfan de dupe. Van Keimpema utere har soarch freed op in bijienkomst fan feehâlders yn Mearum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)