Kollum: "In holle foar op de radio"

"Dit wykein skreau Catherine Keyl yn har kollum yn De Telegraaf oer froulju út Noard-Nederlân. En wa’t no tinkt: ‘Oh, wat leuk!’ moat ik teloarstelle. Wy wurde kompleet ôffikke. Us kapsels binne hopeleas ferâldere én wy binne te dik. Catherine lit der gjin misferstân oer bestean; wy froulju út it noarden, wy sjogge der net út. Efkes in stikje út har kollum.
‘Waarom hebben veel vrouwen in het Noorden opgeschoren haar van achter, een lange kruin en aan de zijkant een mannenkapsel? Hebben kappers daar goedkoop samen een mal ingekocht en knippen ze nu bijna alle vrouwen zo? Er is echt nergens ter wereld een kapper die dit zijn klanten aandoet.’
Koart fan achter, lange krún. Eh hallo? Dat is in omskriuwing fan myn nije kapsel. Thanks man. En dêrmei wie Catherine noch net klear. Ek binne wy hjir yn it noarden allegearre te dik. Se beslút har kollum mei de sin dat se ferwachtet dat der in hiel soad froulju it net iens mei har wêze sille. No shit Sherlock. ‘Maar’, sa skriuwt se oan de ein, ‘ik vind het zo jammer dat vrouwen die er prachtig uit zouden kunnen zien door kappers en verkeerde adviezen foeilelijk worden gemaakt.’
Yntusken boarrele myn bloed as in geiser op Yslân. Wat mient dat minske wol net? En folle belangriker: hoe sjocht se der sels dan wol net út? No zap ik altyd rap fuort by fan dy âlde wive-programma’s op telefyzje mei gejeuzel oer ‘vrouwenproblemen’. Ik krij de kribels as it giet oer tips tsjin cellulitis, hingkonten en druiptieten. En dat binne no krekt de programma’s dy’t Catherine presintearret, dus ik hie gjin flau idee hoe’t it minske der útseach.
Efkes googelje. Ik jou ta; myn doel wie om Catherine yn dizze kollum kompleet ôf te fikken. Each om each. Mar ik moat earlik sizze dat Catherine der foar in frou fan 65 hiel kreas útsjocht. Hippe bril, in goed kapsel en strakke make-up. Alteast op de foto's boppe-oan yn Google.
Scroll efkes wat fierder nei ûnderen en komst al gau real life foto's tsjin. Catherine dy’t moarnsbetiid yn in ferknûkere duster de griene kliko bûtenset. Of Catherine dy’t krekt in hoasbui op ‘e kop krigen hat en as in fersûpte kat mei útrûne maskara ferskrikt yn de kamera koekeloeret. En dan sjocht frou Keyl der ynienen in hiel stik minder sjyk út, sil ik dy fertelle.
En witst; dat is ek hielendal net slim. Der is ommers gjin minske dat moarns wekker wurdt en sa foar de kamera kin. Mar it ferskil is dat Catherine alle dagen styled wurdt foardat se mei har kop op telefyzje komt. Sy dûkt earst in oere de fisazjy yn, dêr’t sa’n fluffamke har ûnder hannen nimt. Mar wy gewoane minsken ha net sa’n RTL-poederdoaze dy’t ús moarns yn 'e klean helpt, ús suterige prûkje mei de kroltange omtsjoend ta in levendich bosk en yn in hânomdraai smokey eyes tefoarskyn toveret. Wy moatte dat allegearre sels dwaan.
De measten fan ús komme lykwols net folle fierder as wat hierspray, in bytsje maskara en in klodderke hydratearjende deikrêm. Gau noch efkes wat deo ûnder de earms en klear. Mear tiid is der net. En krijst ris in update by de kapper, dan sist de folgjende dei letterlik mei de hannen yn it hier om dy coupe mei in stjonkende kroltange en in föhn fan de Action te rekonstruearjen.
Dus bêste Catherine, wit dat wy ús bêst dogge hjir yn it noarden. Gelokkich hoege wy net alle dagen mei ús kop op telefyzje. En leau my: dat wolle wy ek net. Ik nei dyn kollum al hielendal net mear. Godzijdank ha ik in hiel geskikte holle foar op de radio."