Frachtwein mei sûkerbiten bedarret neist de dyk by Harns
In frachtauto mei sûkerbiten is moandeitemoarn betiid neist de dyk bedarre op de N31 by Harns. De frachtwein kaam tsjin de fangrail, mar bleau wol skean oerein. De sjauffeur rekke net ferwûne. Ien rydstrook fan de dyk, dêr't ek oan wurke wurdt, is ôfsletten en der is in file ûntstien. Twa bergers besykje de frachtwein wer op de dyk te krijen. De lading sûkerbiten wurdt oerhevele yn in oare frachtwein.
It ferkear fan de Ofslútdyk ôf rjochting Ljouwert wurdt omlaat. It is net bekend hoelang't it duorje sil foardat de dyk wer frijjûn wurdt. De oarsaak fan it ûngelok is net dúdlik.