Motormûs rydt te hurd op Wâldwei, rydbewiis kwyt
De plysje hat sneintejûn it rydbewiis fan in motorrider ôfpakt op de Wâldwei by Drachten. De 24-jierrige man ried mei 156 kilometer yn 'e oere oer de dyk dêr't 100 it maksimum is. Hy rekke net allinnich syn rydbewiis kwyt, mar krige ek noch proses-ferbaal.