Vreemde Gasten: foarstelling mei muzykferhalen yn Balk

Under de namme Vreemde Gasten waard sneintemiddei yn Balk in foarstelling hâlden mei muzykferhalen. Flechtlingen en talinten út Fryslân en de rest fan it lân songen, rapten en makken muzyk. De foarstelling is basearre op in Grykse myte oer gastfrijheid, hope en it wurkjen oan in nij bestean.
Yn totaal dogge 35 minsken mei oan Vreemde Gasten, dat troch hiel Nederlân reizget mei lokale talinten.