Goud foar Epke Zonderland op 'e rekstôk yn Parys

17 sep 2017 - 18:05
Epke Zonderland yn aksje - Foto: ANP

Turner Epke Zonderland hat sneintemiddei in gouden medalje pakt op de rekstôk by de wrâldbekerwedstriden yn Parys. Mei in ferskil fan 0.050 punten ferwiisde Zonderland lângenoat Bart Deurloo nei it twadde plak. De brûnzen medalje gie nei de Japanner Tanaka.

Op de brêge gie it krekt wat minder foar Epke Zonderland. Dêr einige de Feanster op it sânde plak, mei yn totaal 13.700 punten. Turnster Sanne Wevers einige sneintemiddei as fyfde yn de finale fan de wrâldbeker. Dat wie op it ûnderdiel balke mei in skoare fan 12.900.

(Advertinsje)
(Advertinsje)