Kuorballers fan LDODK winne yn Amsterdam

© Omrop Fryslân
De kuorballers fan LDODK hawwe sneintemiddei yn Amsterdam in moaie oerwinning behelle. Tsjin kuorbalferiening AW.DTV waard úteinlik mei 26-15 wûn. Yn it begjin fan de wedstriid giet it spul aardich lykop, mar yn de twadde helte koe LDODK de foarsprong útwreidzje.
Dy koenen de Amsterdammers net mear ynhelje. Folgjende wike snein komme de kuorballers wer yn aksje. Dan op it eigen fjild, mei as tsjinstanner Blau Wyt.
Kuorbalferiening SCO fan Aldeholtpea spile snein ek in wedstriid. Dêryn pakte de ploech yn de haadklasse in oerwinning op it Grinzer Nic.