Sanne Vermeer prolongearret Europeeske judotitel

17 sep 2017 - 17:32
Judoka Sanne Vermeer - Foto: Martin de Jong

Judoka Sanne Vermeer fan Stiens hat dit wykein yn it Sloveenske Maribor har Europeeske titel by de junioaren prolongearre. De 19-jierrige Vermeer wie titelferdigener yn de klasse ûnder de 63 kilo. Yn de finale wûn se fan Gili Sharir út Israel en dêrmei pakte se in gouden medalje. Earder op de dei fersloech Vermeer al in Britske spylster en in tsjinstanner út Dútslân.

Ek yn it toernoai foar teams wie de judoka yn foarm. Dêr pakte Nederlân in sulveren medalje.

(advertinsje)
(advertinsje)