Dielnimmers SUP11 komme oer de finish yn Ljouwert

17 sep 2017 - 16:45

Yn Ljouwert kaam sneintemiddei nei fiif dagen in ein oan de SUP11: de Alvestêdetocht foar stand-up paddlers. De finish fan de tocht wie snein yn de Ljouwerter binnenstêd by de Blokhûspoarte. De tsientallen dielnimmers hawwe in rûte fan 220 kilometer efter de rêch.

De SUP11-tocht gie troch hiel Fryslân en de minsken kamen fansels by alle alve stêden del.

(Advertinsje)
(Advertinsje)