Nederlagen foar Snits Wyt Swart en VV Hearrenfean

© Henk Bootsma
It wie gjin suksesfol wykein foar fuotbalklups Snits Wyt Swart en VV Hearrenfean. De Snitsers ferlearen sneintemiddei fan SJC. Yn Noordwijk waard it úteinlik 3-0 yn it foardiel fan de thúsploech.
Ek VV Hearrenfean hie in minne fuotbaldei. Sy gienen sneon ûnderút tsjin Achilles. De Feansters ferlearen yn eigen hûs mei 3-1 fan de Assenaren.