FIDEO: Blauhúster bern folje de bernemiljoenenota yn

17 sep 2017 - 19:00

Kommende tiisdei wurdt de miljoenenota bekend makke. De dei foar Prinsjesdag wurdt tradisjoneel de bernemiljoenenota oanbean oan de Twadde Keamer. De bernemiljoenenota is gearstald troch hast 9.000 basisskoallelearlingen fan skoallen út hiel Nederlân. Ek de St. Gregoriusskoalle út Blauhús hat it ôfrûne jier nei Den Haach west om de bernemiljoenenota yn te foljen. Tsjek gie by de bern yn Blauhús del om te hearren hoe’t sy it jild ferdield hawwe.

It ynfoljen fan de bernemiljoenenota is ûnderdiel fan in edukatyf programma. Jierliks meie hûnderten skoalklassen nei Den Haach om te learen oer de Nederlânske demokrasy. Alle skoallen folje yn hoe’t sy tinke dat it jild ferdield wurde moat. It gemiddelde fan alle skoallen foarmet de bernemiljoenenota.

(Advertinsje)
(Advertinsje)