SC Cambuur moat Alvin Daniels in pear wiken misse

17 sep 2017 - 14:58
Alvin Daniels - Foto: Dijks Fotografie

Sportklup Cambuur moat it de kommende wiken sûnder Alvin Daniels dwaan. De oanfaller hat by it duel tsjin Go Ahead Eagles in hamstringblessuere oprûn. Nei alle gedachten is Daniels dêrtroch sa'n fjouwer wiken út de rûlaasje. De fuotballer kaam earder dit jier oer fan FC Dordrecht.

De Ljouwerters komme takom tiisdei wer yn aksje. Yn de earste ronde fan de KNVB beker spilet Cambuur in útwedstriid tsjin Helmond Sport.

(Advertinsje)
(Advertinsje)