Piet Paulusma: "Binnen acht jier in Alvestêdetocht"

17 sep 2017 - 14:35

Waarman Piet Paulusma ferwachtet de kommende acht jier noch minstens ien of twa Alvestêdetochten op de redens. Neffens him sil it nettsjinsteande it opwaarmjen fan de ierde dochs noch wer echt winterwaar wurde. Troch de klimaatferoaring wurdt it waar hieltyd ekstremer en hjir passe ek kâlde perioaden by, sa seit Paulusma.

Dit jier wie it tweintich jier lyn dat de lêste reedrydâlvestêdetocht waard ferriden, op 4 jannewaris 1997.

(Advertinsje)
(Advertinsje)