Appelskea feroaret yn midsiuwske frijsteat De Stellingen

17 sep 2017 - 14:06

Yn Appelskea wurdt dit wykein it 500-jierrich bestean fan de gemeente Eaststellingwerf fierd mei it Stellingen Festival. De Boerestreek is feroare yn in frijsteat mei in midsiuwsk plein dêr't fan alles te belibjen falt. Der binne demonstraasjes fan ûnder oaren in smid, lear- en wolbewurkers, swurdfjochters en bôgesjitters. Besikers kinne ek meidwaan oan de aktiviteiten. Fierders is der muzyk en oare ferdivedaasje.

It festival is organisearre troch de stichting Vrijstaat de Stellingen. De Stellingwerven waarden eartiids bestjoerd troch trije stellingen. Frijsteat de Stellingen is offisjeel erkend troch fjouwer gemeenten: Harns, Eaststellingwerf, Utrechtse Heuvelrug en Harderwijk. Eaststellingwerf hat wol as betingst steld dat de frijsteat by opstannen gjin gebrûk meitsje mei fan heafoarken.

(advertinsje)
(advertinsje)