Poldergemalen Noardeast-Fryslân draaie op folle toeren

17 sep 2017 - 12:54

De poldergemalen yn Noardeast-Fryslân draaie op it stuit op folle toeren. De swiere reinbuien fan sneon ha hege wetterstannen yn de polders feroarsake. Yn koarte tiid hat der mear delslach west as dat de sleatten en gemalen ferwurkje kinne.

Ek de kommende dagen kin de wetterstân noch heech bliuwe, omdat de ôffier fan it wetter tiid kostet. Troch it oanhâldende wiete waar fan de ôfrûne tiid nimt de boaiem hast gjin wetter mear op en der binne noch in soad planten yn de sleatten wêrtroch't de ôffier stadiger giet. Wetterskip Fryslân is dêrom ek dwaande mei it hekkeljen fan de sleatten en it trochspuitsjen fan de dûkers.

Minsken dy't oerlêst ha fan heech wetter op harren perseel of ferstoppe dûkers ûntdekke, kinne dit melde by Wetterskip Fryslân fia 058-2922222 of it Miljeu-Alarmnûmer 058-2122422 (bûten kantoartiden).

(Advertinsje)
(Advertinsje)