Dronken man leit op Sintrale As by Hurdegaryp

© ANP
De plysje hat sneontenacht in bysûndere fynst dien op de Sintrale As. By Hurdegaryp waard om 01.15 oere hinne in dronken man oantroffen, lizzend op de dyk dêr't it ferkear 100 kilometer yn 'e oere ride mei. De man krige twa bekeurings, omdat er de feiligens yn gefaar brocht. Ien foar iepenbiere dronkenskip en ien omdat er as fuotgonger op de autodyk wie. Dêrnei hat de plysje him thúsbrocht.