Protest tsjin plannen werynrjochting Markt Dokkum

Der is ferset tsjin de plannen foar de werynrjochting fan De Markt yn Dokkum. De gemeente Dongeradiel wol 2,9 miljoen euro stekke yn de oanpak fan it plein yn it sintrum fan de stêd. It jild soe helle wurde út it budzjet dat reservearre wie foar de sportkonsintraasje fan ferieningen yn it Tolhúspark. Johan Talsma is it dêr net mei iens en hat in petysje tsjin de plannen opset. De petysje is yn twa dagen tiid al mear as 400 kear tekene.
Op De Markt komt de iisfontein fan it 11Fountains-projekt yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018. As it oan de gemeente leit wurde der beammen omhinne plante en fyftich parkearplakken weihelle en ferpleatst nei it Harddraverspark. Neffens Talsma binne de Dokkumer sportferieningen hielendal net belutsen by de plannen en is der no amper noch jild foar har. Ek is der gjin draachflak foar de plannen, seit er.
Talsma ropt de boargers op yn aksje te kommen foardat it definitive beslút falt. "Stop deze waanzin! Teken deze petitie en spreek je uit tegen dit belachelijke plan."