Finaleplak foar Epke en Sanne op wrâldbeker yn Parys

Epke Zonderland © ANP
Turner Epke Zonderland hat sneon by de wrâldbekerwedstriden yn Parys in finaleplak helle. De Fries wie sneon suksesfol op de rekstôk. Mei in skoare fan 14.450 punten pleatste Zonderland him as twadde foar de finale.
Op de brêge wie de oefening fan Epke Zonderland goed foar in achtste pleats. Dêr behelle hy 14.000 punten, ek genôch foar kwalifikaasje foar de finale. Dy finalewedstriden wurde snein turne yn Parys.
Sanne Wevers helle yn Parys de finale op balke. Wevers einige by de kwalifikaasje mei in skoare fan 14.100 punten as tredde. De Olympysk kampioene levere in degelike oefening ôf en wie tige bliid mei it resultaat, sa melde se op Instagram. Har sus Lieke Wevers bleau op balke mei 12.700 punten bûten de top acht en pleatste har net foar de finale.