Streppel: "Goed gedaan, wel eerder de trekker overhalen"

''Het is heerlijk om mijn eerste doelpunt voor Heerenveen te maken'', fertelde in blide Marco Rojas sneontejûn nei ôfrin fan de wedstriid fan Sportklup Hearrenfean. De Feansters wûnen yn Rotterdam mei 2-1 fan Excelsior. Doelpuntemakkers foar de besikers wienen Zeneli en Rojas. Dy lêste wie dus bliid mei syn earste treffer, mar ek realistysk. ''Het belangrijkste zijn de drie punten. Een eerste doelpunt is leuk, maar uiteindelijk gaat het om de winst. Wij moeten punten pakken. Dat is het belangrijkste.''
Trainer Jurgen Streppel fan SC Hearrenfean tocht dat de oerwinning fan syn ploech nei ôfrin fertsjinne wie. ''Ik vind van wel. Als wij durven te voetballen, hebben wij een goed elftal en zijn we beter. We hebben het goed gedaan, maar moeten soms wel eerder de trekker overhalen.'' Oer in pear dagen spilet Hearrenfean wer tsjin Excelsior, mar dan yn de beker. ''Dat wordt een hele andere wedstrijd'', neffens Streppel. ''Wij moeten het dan uit onszelf gaan halen.''
Bekerduel
De bekerwedstriid fan SC Hearrenfean is woansdei wer yn Rotterdam. Kik Pierie docht yn dat duel net mei: hy hat in hamstringblessuere. Neffens Streppel soe Pierie yn elts gefal al net meidwaan yn de bekerwedstriid tsjin Excelsior.