Basketballers Aris ferlieze oefenwedstriid yn Dútslân

16 sep 2017 - 20:53
Foto: Omrop Fryslân

De basketballers fan Aris hawwe sneontejûn de oefenwedstriid tsjin Paderborn Baskets ferlern. Yn Dútslân waard it úteinlik 75-71 foar de thúsploech. Al by it skoft stienen Paderborn Baskets mei sa'n tsien punten foar. De Ljouwerters kamen nei de ein fan de wedstriid ta noch wol tichteby. By it lêste fluitsinjaal bleau dochs it ferskil fan fjouwer punten op it skoareboerd stean.

De basketballers fan Aris binne dwaande mei in oefensearje. Snein spylje se ek wer, dan thús tsjin Leiden.

Trefwurden: 
Aris Ljouwert basketbal
(advertinsje)
(advertinsje)