SC Hearrenfean pakt oerwinning tsjin Excelsior

Sportklup Hearrenfean hat sneontejûn yn Rotterdam mei 2-1 wûn fan Excelsior. Op Woudestein spilen de Feansters de fiifde kompetysjewedstriid yn de earedifyzje. Nei de prachtige oerwinning op PSV fan ferline wike, wie it saak foar Hearrenfean om troch te setten. Yn de begjinfaze gie dat frij matich. Excelsior wie de ploech dy't de earste kânsen krige en kaam nei achttjin minuten spyljen ek op foarsprong. Mei in hurd skot fan ôfstân sette Koolwijk de Rotterdammers op 1-0.
Hearrenfean wurdt better
Nei de iepeningstreffer like SC Hearrenfean wat better te wurden. Kânsen foar Reza en Odegaard einigen úteinlik net yn in treffer. Sa bleau it by rêst mar by ien doelpunt, en in foarsprong foar Excelsior. Nei it skoft stie der in oare ploech fan trainer Jurgen Streppel op it fjild. Dat resultearre yn de fyftichste minút yn in doelpunt fan Arber Zeneli. Fia de peal gie syn skot binnen.
Yn de minuten nei de lykmakker krige Zeneli noch in pear goeie skoaringskânsen. Dy einigen respektyflik yn hannen fan de keeper en op de peal. Yn de santichste minút koe de Feanster flagge wol wer út, nei't Rojas de bal efter de doelman tikke. De foarsprong foar Hearrenfean kaam dêrnei noch ien kear flink yn gefaar. Yn de tachtichste minút kopte Koolwijk gefaarlik op de goal, mar de rêding fan keeper Hansen hold him fan skoaren ôf. Nei seis-en-in-heale minút blessueretiid wie de winst foar SC Hearrenfean binnen.
Nije wike: Willem II
Folgjende wike sneon spilet SC Hearrenfean wer in útwedstriid. Dan moat de ploech fan trainer Jurgen Streppel nei Tilburg ôfreizgje foar in duel mei Willem II.