FOTO: De sloop fan de Drachtsterbrêge

17 sep 2017 - 07:00

It hat in skoftke duorre, mar ferkear yn en om Ljouwert kin yntusken al in pear wiken troch it akwadukt by de Drachtsterwei. Dat betsjut ek dat de Drachtsterbrêge, dêr't de auto's, motoaren en frachtweinen de ôfrûne jierren oerhinne rieden, no oerstallich wurden is. De brêge wurdt dêrom sloopt. It duorret noch wol in skoftke foardat de hiele Drachtsterbrêge sloopt is, mar it wurk foarderet sa stadichoan aardich. Kollega Aise van Beets makke dêr de folgjende fotoreportaazje oer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)