Tuinenga, Hoogland en Broersma winne de Aldehoupartij

16 sep 2017 - 17:48

Ilse Tuinenga, Mariska Hoogland en Annelien Broersma hawwe sneon de Aldehoupartij op harren namme skreaun. Yn de finale wiene se mei 5-2 en 6-6 te sterk foar Joukje Kuperus, Sigrid de Jong en Manon Scheepstra. De lytse preemjes wienen foar it partoer fan Louise Krol, Marte Altenburg en Marrit Zeinstra en it partoer fan Marije van der Meer, Nynke Sijbrandij en Melissa Rianne Hiemstra.

Foar Mariska Hoogland en Annelien Broersma wie it de earste oerwinning by in haadklassepartij. Foar Ilse Tuinenga betsjut de oerwinning dat se ek de winner wurden is fan it jierpunteklassemint mei 58 punten. Manon Scheepstra einiget as twadde mei 56 punten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)