Ekstreme delslach yn Fryslân: wetteroerlêst op guon plakken

Swiere reinbuien hawwe sneontemiddei op ferskate plakken yn de provinsje foar oerlêst soarge. Yn Dokkum bygelyks moast de brânwacht yn aksje komme. Ferskate strjitten stienen dêr folslein ûnder wetter. Meiwurkers fan de brânwacht hawwe it wetter fuort pompt, om't de rioelputten it oerfloedige wetter net ôffiere koenen.
Ek út Ljouwert, Kollum en Grou kamen meldings fan ekstreme delslach. Ferskate strjitten stienen hjir ek in skoft ûnder wetter.