Hok by Easterwierrum yn 'e brân, fjoer ûnder kontrôle

16 sep 2017 - 16:53
Foto: Srfotografie

Meardere auto's fan de brânwacht binne sneontemiddei útriden foar in brân yn Easterwierrum. Oan de Skuorrehofwei yn dat doarp stie in gebouke yn 'e brân. It gie om in hok efter in wenhûs. It fjoer sloech troch it tek fan it hok hinne. Krekt foar fiven wie it fjoer ûnder kontrôle. De brânwacht hat foarkaam dat it fjoer oersloech nei njonkenlizzende gebouwen.

Hoe't it fjoer krekt ûntstean koe, is noch net dúdlik. Foar safier bekend binne der by de brân gjin minsken ferwûne rekke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)