Harkemase Boys ûnderút tsjin Spakenburg

16 sep 2017 - 16:42

Harkemase Boys hat sneon mei 2-0 ferlern fan Spakenburg. Op sportpark De Bosk kamen de Harkiten nei achttjin minuten spylje op efterstân. De ploech fan trainer Henk Herder krige knappe kansen, mar Jan Hooiveld en Johnny de Vries kamen net ta skoaren. Oan de oare kant wie it wol raak en kaam Spakenburg krekt foar rêst op in 2-0 foarsprong.

Yn de twadde helte moasten de Boys op syk nei de oanslutingstreffer, mar Spakenburg spile de wedstriid kontrolearre út. De Harkiten krigen gjin kânsen mear.

(advertinsje)
(advertinsje)