Foarstelling Myjer útferkocht, soad minsken teloarsteld

16 sep 2017 - 16:08

De foarstellingen fan kabaretier Jochem Myjer yn de Lawei yn Drachten binne útferkocht. Dat hat de skouboarch om kertier foar fjouweren melden op Twitter. Der kamen daliks reaksjes fan minsken dy't oerenlang foar de Lawei stien ha te wachtsjen. Ek minsken dy't online besocht hawwe om kaarten te krijen, binne teloarsteld.

Om tolve oere gie de ferkeap oan it loket los, en doe stie der al in lange rige foar de doar. De ferkeap fia ynternet gong om twa oere los. Mar doe stiene der noch in protte minsken bûtendoar. Jochem Myjer hat trije foarstellingen yn novimber yn de Lawei.

Trefwurden: 
De Lawei Drachten Jochem Myer
(advertinsje)