Eigeners fan draafhynder Derek sykje sponsors

16 sep 2017 - 15:39

De eigeners fan it draafhynder Derek Buitenzorg, oftewol Us Derek, sykje nije sponsors om it hynder yn 'e baan te hâlden. Derek draafde sneon op it Victoriapark yn Wolvegea, mar hy moast de koers betiid ferlitte omdat hy oergong yn galop. De lêste wedstriden op de draafbaan fan Grins hie Derek krekt goed prestearre. Doe waard hy tredde en fjirde.

Derek yn Oerterp

Derek is it eigendom fan de sportredaksje fan Omrop Fryslân. Seis jier lyn is it hynder kocht om foar te kommen dat er nei de slachter moast. Yntusken is der goed op it hynder past en stiet Us Derek op stâl by De Wrede yn Oerterp. Arend de Wrede traint it hynder ek en rydt der wedstriden mei. It is djoer om in hynder yn de race te hâlden, dêrom wurde der nije leafhawwers socht om Derek te sponsorjen.

Belangstellenden kinne in berjocht stjoere nei de Facebookside fan Derek Buitenzorg. Minsken kinne ek donearje op bankrekken NL79RABO0169291278. Takom wike docht Derek wer mei oan de koers op Wolvegea.

(advertinsje)
(advertinsje)